Tresoar- Winterjûnenocht anno 2019

15 november 2019

Op 15 novimber wurdt de samling ferhalen fan de Fryske skriuwers fan ‘Oare wurden’/’Other words’ oanbean. ‘Oare wurden’ is in projekt om ta kreative útwikseling fan skriuwers yn Europa te kommen. Twa fan dy skriuwers sille har ferhaal fertelle: Hein Jaap Hilarides en Karen Bies. De samling ferhalen wurdt meistjoerd mei tydskrift De Moanne.

Dêrneist hawwe skriuwers yn de wiken foar 15 novimber in kursus foardrachtskeunst folge by Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater. Dat binne Hedwig Bakker, Ydwine van der Veen, Renske de Boer, Ciska Noordmans en Sipke de Schiffart. Yn OBE litte sy har ferhaal hearre en litte sy sjen wat se leard hawwe. In grut ferskaat oan ferhalen oer de fraach: wat as stiennen prate koene?

Yn OBE is op dat stuit de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ te sjen. Dy Fryske skriuwer is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Hy gie troch Fryslân op ’n paad mei ferhalen, toaniel en lieten, wat Winterjûnenocht neamd wurdt. Op 15 novimber is der dus Winterjûnenocht anno 2019.